Product Overview
Samenvatting
Nei oanlieding fan de teaterfoarstelling It Faderpaard yn rezjy fan Jos Thie hat Utjouwerij Bornmeer dit gedicht op'e nij útjûn. Dit wichtige fers yn it wurk fan Tsjêbbe Hettinga skreau hy nei oanlieding fan de dea fan syn heit Pieter Mebius Hettinga (1916 - 1993) boer en hynsteman yn Burchwert. Tweintich jier ferlyn is dit gedicht foar it lêst publisearre yn de bondel Vreemde Kusten/Frjemde kusten. De bondel is twatalich Frysk-Nederlânsk.Yn it nij ferskynde It faderpaard / Het vaderpaard en andere gedichten binne ek oare fersen fan Tsjêbbe Hettinga opnaam lykas De blauwe hauk fan Wales' en 'It Wikeler Hop. Hettinga fûn syn definitive dichterlike foarm yn 1992 nei in publisitêre stilte fan alve jier mei de bondel Under seefûgels/ De Kust. De poezij dêryn betsjutte de trochbraak op Nederlânske en ynternasjonale poadia. Hettinga droech It faderpaard geregeld foar, ûnder oare yn 2001 yn it stêdhûs fan Boalsert doe't er de Gysbert Japicxpriis útrikt krige.