Product Overview
Samenvatting
It Frysk Lieteboek hat as bondel Fryske lieten mei pionobegelieding jierren yn in grut ferlet foarsjoen. 'Fryslân sjongt en spilet' is dêr de folslein fernijde opfolger fan. Tusken de hast hûndertfyftich lieten is in grut tal nije meldijen te finen en meldijen dy't weromfûn binne. Fral wat de muzikale begelieding oanbelanget binne de bekende klassikers in stikhinne opfrist. Lieten oer Friezen en Fryslân, steektaallieten; histoaryske lieten, lieten oer wetterwille, ntuer en leafde, geastlike lieten, kanons en noch in skift mei mingelwurk biede meiinoar in ryk ferskaat dy't ek allegearre yn de bondel 'Fryslân sjongt' steane, mar yn dizze folsleine útjefte troch in groep musikologen foarsjoen binne fan begeliedingspartijen foar piano en oargel. Sa is folweardige, rike lietebondel mei begelieding ta stân kommen yn in foars, mar dochs noflik formaat. 'Fryslân sjongt en spilet' sil foar de útfiering fan it Fryske liet in nije ympuls betsjutte.